Ha!
Myn namme is Menno en ik bin 21 jier âld, ik doch meastal myn ferhaal op dizze foarum yn it Hollânsk, mar om't Frysk myn memmetaal is en ik mysels better út'e kin yn it Frysk wie ik benijd of hjir ek Friezen binne.
Ik bin sûnt myn 17 libbensjier êfter it begrip A seksoiel kaam en ik fielde my drekst oansprutsen. Ik bin no 21 en noch immen wit ik net hoe ik my fiele muot en dêrom sykje ik help. mar ast mei yn in petear hast wurd der fanút gien dat it fansels 'gewoan' yn it Hollânsk giet en dat is myn 2e taal en ik wol my gewoan útdrukke kinne yn myn memmetaal. hawwe mear Fryske minsken hjir lêst fan of bin ik de ienige Fries op dit foarum?